De Zware Jongens sjonge spotferske oer de Garden of Dance-soap yn Snits

Feestsjongers De Zware Jongens fan Snits hawwe in satirysk ferske skreaun oer it net-trochgean fan Garden of Dance op de Snitswike. It sporferske hat de titel: "Jannewietske wat is 't stil." It is krityk mei in knypeach: "Ik hear boargemaster Jannewietske de Vries op telefyzje sizzen dat it om alve oere dien wêze moat, mar dat giet op gjin inkeld plak sa. Wa hâldt der no om 23.00 oere op mei in feest? Dan begjinne se pas!" seit Arie Kuipers fan it duo.
De Zware Jongens © De Zware Jongens
Arie Kuipers fan de Zware Jongens oer harren Snitswike-hit
It ferske is yntusken al tûzenen kearen besjoen op YouTube. "It ferhaal libbet wol fansels, der binne in soad reaksjes," seit Kuipers.

Spitich

"Wy fine it sûnde dat sa'n moai evenemint op it lêst net mear troch giet," jout de sjonger oan. "It is tige spitich. En wês earlik: sa'n feest yn de stêd organisearje wolle as gemeente en noch net oerlizze mei de omwenners is ek net sa tûk. It beslút duorre te lang, it kaam fierstente let. Dat hiene jo earder ek wol betinke kinnen."
Dêrom mar in feestnûmer oer de Garden of Dance-soap. Hoe kaam it duo op it idee? "Wy hiene in optreden sneontejûn. Doe sieten wy yn de auto en tochten wy: wy moatte der wat ludyks mei dwaan. Om't wy de studio oan 'e hûs hawwe, namen wy wat op en hawwe wy it derút smiten."
Nettsjinsteande de rebûlje tinke De Zware Jongens dat de Snitswike wer in tige gesellich barren wurde sil. "Su is 't ook wel weer," seit Kuipers op syn Snitsers.