Marit Bouwmeester wol winne op it WK: "Bin klear mei dy twadde plakken"

16 jul 2019 - 15:46

Marit Bouwmeester hat dit jier in abonnemint op twadde plakken, mar begjint freed dochs wer as favoryt oan it wrâldkampioenskip silen yn Japan. "Neffens my binne wy goed yn foarm en hawwe wy der in soad nocht yn."

Foto: Ocean Images Photography / Watersportverbond

Bouwmeester is de lêste tiid hast altyd yn Japan te finen. Mar dan wol op in hiel oar plak as wêr't no it WK is. Se hat har nammentlik al pleatst foar de Olympyske Spelen fan 2020. Dêrom sylt en traint se in soad op it olympyske wetter yn Enoshima. Mar Enoshima leit oan de eastkust en Sakaiminato-City leit oan de westkust. En lit no krekt dêr dit WK wêze.

"Gjin idee hoe't it wetter is"

"Ik bin hjir no foar it earst, dus ik haw gjin idee hoe't it wetter is. Echt in neidiel is dat net, want ik ha net it idee dat de oaren hjir wol in soad traind ha." Mar ek it waar sil in Sakaiminato-City wierskynlik in grutte rol spylje, tink Bouwmeester. "Iroanysk genôch is der no wyn fan de see. Mar as it toernoai begjint, stiet der rein pland en komt der wyn fan it lân. We moatte dus allegearre omgean mei dy feroarlike omstannichheden."

Bouwmeester waard al trije kear earder wrâldkampioen: yn 2011, 2014 en 2017. Ferline jier waard se twadde op it WK en ek dit jier pakte se flink wat twadde plakken, sa as op it Europeesk kampioenskip yn Porto. "It liket wol as haw ik dit jier in abonnemint op twadde plakken. No, dêr bin ik no wol klear mei. Ik bin echt motivearre om hjir de titel te pakken."

Marit Bouwmeester sjocht foarút op it WK yn Japan

Doch leit de 'focus' net op it WK. Of better sein: it úteinlike doel is wer goud pakken op de Spelen fan 2020. "Dêrtroch besteegje ik de measte tiid op it olympyske wetter en rjochtsje ik my minder op de oare wedstriden. Mar foar dit jier is it WK wol de wichtichste wedstriid."

It WK yn Sakaiminato-City begjint freed 19 july en duorret oant en mei woansdei 24 july. Eltse dei wurde der twa races syld. De earste trije dagen binne foarronden, de lêste trije dagen wurde de silers opdield yn twa groepen: de boppeste helte en de ûnderste helte. Eltse dielnimmer mei de twa minste resultaten ôflûke. Der is gjin medaljerace, alle races telle kwa punten likefolle mei.

Trefwurden: 
Marit Bouwmeester silen WK
(Advertinsje)
(Advertinsje)