Direkteur fan Welcome to the Village lilk oer strangere regels festival

16 jul 2019 - 15:00

Troch in útspraak fan de rjochter mei it festival Welcome to the Village yn Ljouwert net oant 01.00 oere muzyk meitsje, mar noch mar oant 00.00 oere. "Ik ben er niet blij mee", seit organisator Ruben Bosch, "maar gelukkig kunnen we wel doorgaan met wat we bedacht hebben."

Der binne gjin bands ôfsein. "Alleen op vrijdag en zaterdag hebben we een uur minder. De bands die na twaalven stonden, verplaatsen we. Zij zullen iets sneller na elkaar spelen," seit Bosch.

De organisaasje hold al rekken mei maatregels. "Zeker na de afgelopen jaren waarin we helaas hebben moeten stoppen op donderdagavond hebben we er rekening mee gehouden dat we wat zachter zouden moeten. Maar we kunnen ook fantastische akoestische feesten maken, dus dat gaan we doen."

Wifsinnichheid

Bosch is benammen ûntefreden oer de wifsinnichheid. "We begrijpen het niet helemaal, want het beleid van de gemeente geeft gewoon aan dat je tot 01.00 uur door mag. Dat wilden we ook en hebben we aangevraagd," leit Bosch út. 'Maar de rechter heeft blijkbaar besloten dat het niet acceptabel is en dat hij de bewoners in bescherming wil nemen, maar dat staat er niet heel duidelijk in."

Welcome to the Village - Foto: Omrop Fryslân

De organisator tinkt dat minsken eltse kear wer wat oars besykje te finen. "Het wispelturige maakt dat het moeilijk organiseren is, dat het lastig is om met het team erop te anticiperen. De bezwaarmakers pakken elk jaar een ander stokje en zitten elk jaar op andere dingen, waardoor wij elk jaar iets aan moeten passen."

Ruben Bosch fan Welcome to the Village oer de lûdsmaatregel

It festival set op 18 july en duorret oant en mei 21 july. Op dit stuit binne der al keunstners en entûsjastelingen dwaande mei duorsume projekten. Ien dêrfan is it 'broadsje poep.' Dat is gjin keutel op in stikje bôle, mar it moat in burger wurde wêrfan't de yngrediïnten ferboud binne op minklike dong.

Ferslachjouwer Wendy Kennedy oer it 'broadsje poep'

(Advertinsje)
(Advertinsje)