Moannefertsjustering tiisdeitejûn wierskynlik goed te sjen

16 jul 2019 - 14:24

De moannefertsjustering is tiisdeitejûn nei alle gedachten goed te sjen, al kin der yn it noarden sa no en dan noch wat bewolking wêze. De moanne komt tiisdei krekt nei tsienen op. De fertsjustering is dan al úteinset, mar it begjin is yn Nederlân net te sjen. It hichtepunt is nei alle gedachte om healwei tolven hinne. Dan wurdt de maksimale fertsjustering ferwachte.

Foto: ANP

De moanne komt tusken 22.00 en 02.00 oere foar in part yn it skaad fan de ierde te stean. Om it goed te sjen hast frij sicht rjochting it súdeasten nedich. Om't de moanne leech oan de hoarizon stiet, liket de moanne ekstra grut.

De earstfolgjende moannefertsjustering (foar in diel) is pas op 19 novimber 2021 en de earstfolgjende folsleine moannefertsjustering is op 16 maaie 2022.

(Advertinsje)
(Advertinsje)