Wetterskip Fryslân ynspektearret diken fanwege drûchte

16 jul 2019 - 14:21

Wetterskip Fryslân is begûn mei de kontrôle fan sa'n hûndert kilometer polderdyk. Reden is de tanimmende drûchte. It tekoart oan reinwetter is yn Fryslân yntusken oprûn nei hûndertfyftich milimeter. Dat is sa'n fyftich milimeter mear as gewoanwei yn dizze tiid. De kontrôle duorret sa'n twa wiken.

Foto: Omrop Fryslân

Yn it feangebiet en yn it gebiet rûnom de Fryske marren hat de drûchte ynfloed op de polderdiken. Polderdiken dy't op feangrûn lizze, rinne troch de drûchte mear kâns op skuorren, lekkaazjes of oare skea.

Wetterskip Fryslân ynspektearret frijlizzende polderdiken mei in feanûndergrûn en polderdiken dy troch harren lizzing mear risiko rinne op skea as oars. Bygelyks troch in grut peilferskil tusken de boezem (it stelsel fan marren en kanalen) en de polder, yn kombinaasje mei de oanwêzichheid fan in sleat fuortendaliks efter de polderdyk.

Rayonhaad Sjouke Bandstra fan Wetterskip Fryslân oer de kontrôle

(Advertinsje)
(Advertinsje)