Willem Jelle Bellinga fan Koudum wol wrâldkampioen sinne-racen wurde

16 jul 2019 - 13:13

It Vattenfall Solar Team hat tiisdei de nije 'sinne-auto' presintearre: de NunaX. Dêrmei wol it team yn oktober besykje de wrâldtitel te pakken op de Bridgestone World Solar Challenge yn Australië. Ien fan de teamleden is Willem Jelle Bellinga (22) fan Koudum. Hy set syn stúdzje sivile technyk oan de TU Delft oardel jier oan de kant om mei te helpen oan de race-auto.

De World Solar Challenge is in race fan 3.000 kilometer troch de saneamde outback fan Australië, dy't ferriden wurdt yn meardere etappen. It wurdt sjoen as it wrâldkampioenskip foar sinne-auto's dat om de twa jier organisearre wurdt. It team fan Delft, dêr't Bellinga dit jier syn debút makket, waard al acht kear earder wrâldkampioen.

De 22-jierrige Willem Jelle Bellinga, studint sivile technyk yn Delft, moast der binnen it team foar soargje dat alles byinoar kaam om de produksje fan de auto en de reis nei Australië mooglik te meitsjen. "Wy ha oardel jier keihurd wurke om aanst wrâldkampioen te wurden."

Sinne- én wyn-enerzjy

Twa jier lyn gie de titel ek nei de studinten út Delft. Doe kaam dat banammen om't sy in lytsere auto boud hiene as harren tsjinstanners. De ferwachting is dat oare teams dizze kear ek mei in lytsere auto oan de start steane. Dêrom hawwe se yn Delft harren sinne-auto nóch wer lytser, en dus effisjinter, makke. De auto is mar 135 kilo swier.

De sinnepanielen dy't op de auto lizze, binne net samar sinnepanielen, seit Bellinga: "It binne panielen dy't oars yn de romte brûkt wurde, op satelliten. Dy hawwe wy oanpast sa't wy se op ús auto brûke kinne."

Willem Jelle Bellinga mei de NunaX - Foto: Hans-Peter van Velthoven

Mar de studinten hawwe noch in oare fernijing. Oare jierren die nammentlik bliken dat de hurde wyn yn Australië faak fan de sydkant op de auto kaam, lyk as by in sylboat. Dêrom is der oan de auto is in lytse wjuk fêstmakke. "Sa kinne wy ekstra krêften opwekje, wêrtroch wy in ekstra triuwke yn de rêch krije."

De kommende tiid sil it team de auto oan ferskate testen ûnderwerpe. Yn septimber sille sy mei harren auto nei Australië ôfreizgje foar de World Solar Challenge. De race set op 13 oktober yn Darwin útein. De rûte giet dwers troch it lân nei ûnderen, nei de finish yn Adelaide.

(Advertinsje)
(Advertinsje)