Twa miljoen euro yn beslach naam yn grutte Ljouwerter wytwasksaak

16 jul 2019 - 12:38

Twa miljoen euro, safolle jild is der yntusken yn beslach naam yn de grutte Ljouwerter wytwasksaak. It bedrach rint noch hieltyd op, dat lit it Iepenbier Ministearje witte.

Wat opfalt yn de saak binne de grutte jildbedraggen dy't de fertochten thús lizzen hiene. It giet yn totaal om hast 700.000 yn cash. It grutste bedrach waard yn in boadskiptas op in souder fûn: mear as 500.000 yn briefkes.

It jild lei lykwols net allinnich thús: yn ien fan de auto's dy't yn beslach naam is, fûn justysje meardere pûden mei yn totaal 5.000 euro oan muntjild.

De 37-jierrige haadfertochte yn dizze 'Tuimelaar-saak' wurdt derfan fertochte dat hy krimineel jild wytwosken hat. Dat die hy fia ferskate ûndernimmingen en mei ferhier fan ûnreplik guod. By de aksje fan justysje wiene 170 minsken fan de plysje, it Iepenbier Ministearje, de FIOD en Definsje belutsen.

Njonken jild hat de plysje ek in ferskaat oan djoere auto's yn beslach naam, fan in Range Rover oant in BMW. Fiif fan dizze auto's wiene fan de haadfertochte. By him waarden ek in speedboat en in jetsky oantroffen.

It gie lykwols net allinnich om grutte djoere saken, neffens justysje wiene der ek djoere sieraden, horloazjes en sinnebanken.

Foto: Omrop Fryslân

De wearde fan dit guod moat noch bepaald wurde, wêrtroch't it totaalbedrach noch omheech rinne kin. Ek moat der noch sjoen wurde nei de wearde fan jild dat de fertochten op ferskate bankrekkens hiene. Fan ien fan de belizzingsrekkens is al dúdlik dat der 12.000 euro op stiet.

Fertochten

By de ynfallen op 11 juny waarden acht fertochten oanholden, fjouwer fan dizze minsken sitte noch fêst. Sy wurde heard troch de plysje.

Ien fan de gebouwen dêr't beslach op lein is yn Harns wie kocht foar 40.000 euro. Mar neffens de fersekering wie der in werbouwearde fan in heal miljoen op setten. Yn it pân sieten meardere wen-units. De hierders meie fan justysje yn de wenningen bliuwe.

Krimineel jild

Offisier fan justysje Gerben Wilbrink: "De verdachten in dit onderzoek presenteren zich naar buiten toe als reguliere ondernemers en werknemers, terwijl daarachter criminele activiteiten en geldstromen schuil gaan. Hun volledige levenswijze wordt daarmee gefinancierd uit crimineel geld. Dat blijkt ook uit de grote geldsommen en luxueuze auto's die in beslag genomen zijn."

By de ynfallen waarden ek in hângranaat, twa fjoerwapens, swier fjoerwurk en soft- en harddrugs fûn.

Jolanda Brontsema fan it Iepenbier Ministearje

(Advertinsje)
(Advertinsje)