Atletykhistoarikus en âld-topatleet Chris Konings (79) ferstoarn

Atletykhistoarikus en âld-topatleet Chris Konings is ferline wike tongersdei ferstoarn yn syn wenplak Drachten. Konings wie in middellangeôfstânsrinner dy't mei in searje fan fjouwer nasjonale kampioenskippen op de 800 meter yn de sechtiger jierren by de top fan Nederlân hearde. Konings waard 79 jier.
Chris Konings (127) rint foarop by in 800 meterwedstriid yn 1965 © ANP
Nei syn kampioenskippen ferhuze Konings yn 1971 nei Drachten. Dêr waard er lid fan atletykferiening AV Impala. Fan 1994 oant en mei 2013 wie er bestjoerslid en fan 2000 ôf vicefoarsitter fan de feriening fan âld-atleten Vrienden van de KNAU. Boppedat behearde Konings it argyf fan de Atletiekunie.