Mooglik permanint AZC Sint Anne

11 nov 2011 - 07:47

Pleatslik Belang Sint Anne is it net iens mei de plannen fan de gemeente It Bilt en it Centraal Orgaan Opvang Asielzoekers om in permanint AZC by Sint Anne te festigjen. De ried is tongersdei akkoart gien mei in helberheidsûndersyk dêrnei. Dy hâlde ûnder oare yn dat de grûn dêr't it tydlike AZC op stiet, ferkocht wurde sil oan it COA.

Neffens pleatslik belang sjogge guon ynwenners fan Sint Anne in permanint AZC net sitten, omdat se har net feilich fiele mei groepen asylsikers yn de buert. Der binne wolris ferfelende ynsidinten mei de bewenners fan it AZC.

(Advertinsje)
(Advertinsje)