Eilân foar wytstirnsen docht syn wurk yn de De Sweagermieden

17 jul 2019 - 17:10

It keunstmjittige eilantsje dat yn maart yn De Sweagenmieden dellein is, docht syn wurk. Ut ûndersyk docht bliken dat der yntusken 31 nêsten fan de wytstirns op it eilân by De Westereen lizze en der op dit stuit 27 pykje omrinne. It eilân waard oanlein as ferfanging foar it dak fan it Sikkemahûs. It appartemintekompleks wie earder nammentlik in briedlokaasje foar de stirnsen.

De koloanje wytstirnsen soarge foar oerlêst foar de bewenners fan it kompleks. Yn 2018 wiene der goed 60 pear wytstirnsen op it dak. Foar de bewenners net leuk, mar it wie wol in wichtige lokaasje foar de populaasje yn Fryslân. Dêrom frege wenningkorporaasje Accolade om advys.

Om it dak ûngeskikt te meitsjen as briedlokaasje, moat der fan de provinsje in goede alternative briedgelegenheid wêze. Dat waard yn oerlis mei advysburo Altenburg & Wymenga en Steatsboskbehear it eilân yn De Sweagermieden. Op It Sikkemahûs is it grint fuorthelle en binne der netten spand.

It eilân yn De Sweagermieden - Foto: Altenburg & Wymenga
(advertinsje)
(advertinsje)