Hackers kinne tenei ek yn Snits terjochte foar in hackoplieding

16 jul 2019 - 10:57

Jongerein mei in passy foar kompjûters en gamen kinne fan septimber ôf ek yn Snits terjochte foar in spesjale oplieding ta hacker. De oplieding is benammen rjochte op bern dy't no tusken wâl en skip falle en faak thús op de bank bedarje.

Foto: Omrop Fryslân

Hacklab bestiet al yn Ljouwert en komt oarspronklik út Rotterdam. Inisjatyfnimmers Anouk Vos en Mary Jo de Leeuw seagen in pear jier lyn dat in bepaalde kategory jongerein thús op de bank bedarre, wylst sy wol hiel tûk mei kompjûters binne.

Ferlet fan technysk ûnderleine meiwurkers

Oer de hiele wrâld is der hieltyd mear fraach nei minsken dy't 'ynternet-savvy' binne en goed hacke kinne. Mar de fiver is noch lyts. Hackers wurde by bedriuwen en oerheden faak ynsetten as cybersecuritymeiwurkers. Yn dizze funksje binne se derfoar ferantwurdlik om de online befeiliging fan in bedriuw te regeljen.

De Snitser dependâns hat gearwurkingsferbannen mei bedriuwen, om sa ek in oplieding yn de praktyk oanbiede te kinnen.

Trefwurden: 
Ljouwert Snits hacken Hacklab
(Advertinsje)
(Advertinsje)