Ofskied Crone smyt lytse 28.000 euro op foar Stichting Leergeld

16 jul 2019 - 10:48

Boargemaster Ferd Crone hat by syn ôfskied in lytse 28.000 euro ynsammele foar Stichting Leergeld. Crone naam ein juny ôfskied as boargemaster fan Ljouwert.

Foto: Gemeente Ljouwert

Stichting Leergeld soarget der mei in finansjele bydrage foar dat bern út earme húshâldingen dochs meidwaan kinne oan maatskiplike aktiviteiten. Crone frege as ôfskiedskado bydragen foar de stichting.

Op dit stuit is Crone ferfangend boargemaster fan Ljouwert, oant Sybrand Buma ein augustus syn taak oernimt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)