FNP stelt fragen oer de bestriding fan fergiftige jabikskrûd en stikels

16 jul 2019 - 10:43

De Steatefraksje fan de FNP stelt skriftlike fragen oer de bestriding fan jabikskrûdwoartel en stikels. Oanlieding binne sinjalen dat de fersprieding fan de skealike planten út provinsjale bermen wei hieltyd mear tanimt.

Jabikskrúswoartel - Foto: Wikimedia Commons

Sa is it jabikskrûd bygelyks fergiftich foar melkfee en hynders. De lêste feroardering foar bestriding fan it jabikskrûd is fan 2007 en is trije jier letter foar it lêst evaluearre. De FNP-fraksje skriuwt dêrom fan 'sliepende feroarderingen.'

De FNP wol no witte hoefolle klachten der yn it jier binnen komme oer jabikskrûd en stikels en wat de provinsje docht oan de bestriding.

(Advertinsje)
(Advertinsje)