Nagelnije strân yn Marsum leit fol hûnestront

16 jul 2019 - 10:28

Doarpsbelang Marsum makket him soargen oer hûnestront op it nagelnije strân by it doarp. It strân waard twa wiken lyn iepene en wie fuortendaliks populêr by de bern en jongeren fan it doarp. Mar no docht in probleem him foar: hûnestront.

Foto: marsum.info

Doarpsbelang seit de ôfrûne tiid al meardere keutels oprêden te hawwen en ropt baaskes op om de stront fan harren hûn op te rêden, om't der oars mooglik bern yn stappe of boartsje. Ek freegje se minsken dy't wat sjogge op, om te melden om wa't it giet, sadat der in petear wêze kin mei de baas fan de hûn.

De gemeente Waadhoeke sil ynkoarten in ferbodsboerd op it strân delsette.

Trefwurden: 
Marsum strân hûnestront
(Advertinsje)
(Advertinsje)