Kollum: "De kul fan Atema"

16 jul 2019 - 08:28

"De kop op de foarside fan de krante wie sa't koppen faak binne: grut, lûd en in tikje tendinsjeus. Sneontemoarn klonk dy grutte, lûde kop sa: NAM-baas: 'Alleen gas uit Ternaard als streek instemt'. Goh, tinkt de argeleaze lêzer yn sa'n gefal, wat in kultueromslach ynienen by de NAM. Dy nije direkteur, Johan Atema, is blykber in realist mei in sosjaal hert, in man dy't neat fan leagens ha moat, dy't warskôgingen fan deskundigen serieus nimt, krekt as de miening fan de befolking."

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

"De argeleaze lêzer begjint ûnder it geniet fan in bak kofje it ynterview ta him te nimmen. Johan Atema fan Kollum sjocht syn nije baan as 'in jongesdream dy't útkomt'. De measte jonges dreame derfan om fuotballer te wurden, rapper of filmstjer, mar Atema dreamde der blykber fan om de baas fan de NAM te wurden.

In earste bytsje ûnrêst tsjinnet him by de argeleaze lêzer oan. Dy ûnrêst wurdt grutter as it oer it draachflak by nije boarringen giet, lykas dy by Ternaard. De kofje smakket de argeleaze lêzer noch bêst as Atema seit dat se sûnder genôch draachflak net boarje sille. Dochs wurdt dat rap minder as de direkteur, op de fraach hoe't er bepale sil oft der draachflak genôch is, oanjout dat se oan it Omgevingsproses meidogge, wêrby't alle belutsenen safolle mooglik oan tafel sitte.

Dêr komt de aap út 'e mouwe. It Omgevingsproses, dat skyndemokratysk ynstrumint, wêrby't meidwaan by definysje betsjut datst ynstimst mei gaswinning. Dy fêststelling leit ferburgen yn bedutsen taalgebrûk, mar wol ien dy't net troch de NAM en EZ ûntkend wurden is op ferskate, saneamde ynspraakjûnen. Meidwaan oan it Omgevingsproses is ynstimme mei gaswinning. Stelt ek minister Wiebes. Dat binne de petearen dêr't Atema it oer hat. It ferkundigjen fan kleare kul is begûn.

Soks blykt namste mear as er de folgjende formulearring brûkt: 'Als in de herfst blijkt dat het hele dorp of de hele gemeente tegen is, doen we het niet.' De kruks sit him fansels yn dat 'hele'. Hy is dan wol wer sa earlik om dat ta te jaan: 'Maar je kunt nooit iedereen meekrijgen. Als bij grote middengroepen door een redelijk gesprek genoeg vertrouwen is ontstaan, is dat ook niet per se nodig. In zekere zin zal mijn beslissing intuïtief zijn.' Dy útspraken binne sa genipich, misliedend en hypokryt, dat de hieltyd minder argeleaze lêzer op slach mislik wurdt.

De nije direkteur fan de NAM spilet itselde spul en werhellet itselde mantra as de âlde. De NAM dy't neffens Atema de mienskip 'ûntsoargje' wol, lit ûnderwilens de Grinslanners noch altyd smoare yn harren ellinde. Dyselde NAM dy't de gaswinning út lytse fjilden stevich opfierd en dêrmei eardere fergunningen skeind, sa't bliken docht út ûndersyk fan Omrop Fryslân, RTV Drenthe en RTV Oost.

De NAM dy't stelselmjittich de effekten fan mynbou bagatellisearret, warskôgingen fan belutsenen, deskundigen of ûnôfhinklike tafersjochhâlders lykas it Staatstoezicht op de Mijnen folslein negearret. De NAM dy't earmlestige gemeenten in sek mei jild foarhâldt en mei sponsorjild de leefberens op doarpen stimulearje wol. O, irony.

De kul dy't Atema yn it ynterview oer de argeleaze lêzer útstoart is fan Farizeeske proporsjes. Ien dêr't de argeleaze en machteleaze lêzer strontberoerd fan wurdt."

(Advertinsje)
(Advertinsje)