Mem en dochter rinne Vierdaagse om jild yn te sammeljen

Goed 44.000 kuierders binne tiisdeitemoarn begûn oan de 103e Vierdaagse yn Nijmegen. Under de dielnimmers rinne ek Jeanine en Hester Kuipers út Deinum mei. Mem en dochter dogge dat om jild yn te sammeljen foar ûndersyk nei de sykte fan Kahler, in foarm fan kanker wêroan't harren mem en beppe ferstoarn is.
De Vierdaagse © ANP
Jeanine Kuipers út Deinum leit út wêrom't se de Vierdaagse rint
It is de fjirde kear dat mem en dochter Kuipers de Vierdaagse rinne. "Wy tinke dat we goed traind binne", seit Jeanine. "It is wat wikseljend. Dit jier is it foar it earst wat kâlder as oars. Oare jierren wie it echt hiel waarm. Dan hiene we wol ris wat maneuvels ûnderweis yn de sin fan lêst fan de waarmte of wat wriuwplakken. We hoopje dat it dit jier wat tafalt."
De twa rinne net samar fjouwer kear fyftich kilometer. "Myn mem, de beppe fan Hester, is ôfrûne jier yn desimber ferstoarn", leit Jeanine út. "Oan de gefolgen fan de sykte fan Kahler. Sy hie it idee om by har útfeart jild op te heljen foar ûndersyk nei dizze sykte, yn stee dat minsken blommen jouwe. It is bot nedich dat der ûndersyk dien wurdt nei dizze net hiel bekende sykte, sadat de behannelingen better wurde."

2.000 euro

It doel fan mem en dochter is om yn elk gefal 2.000 euro op te heljen. "Wy tochten: mei in kollekte by in útfeart helje jo net 2.000 euro op. It bedrach dat ynsammele wurden is by de útfeart woene wy oanfolje ta dy 2.000 euro, want dan kinst it labele bringe by KWF Kankerbestrijding. Dan komt it echt terjochte by de bestriding fan de sykte fan Kahler."
Jeanine tinkt dat it ûnder it rinnen op guon mominten ek wol ris emosjoneel wurde kin. "It sil fan tiid ta tiid wol even slikken wurde en wy sille somtiden ek wol mei pikefel hjir rinne. Ek bepaalde ferskes dy't je ûnderweis hearre, krije in oare lading, lykas 'Leef' fan André Hazes."