Eefkes byprate mei: Jaap Zwaga fan it Langwarder skûtsje

16 jul 2019 - 08:00

De simmerfakânsje is begûn, mar it fakânsjegefoel komt by de measte Friezen pas echt wannear't de skûtsjes oan de start lizze fan it SKS skûtsjesilen. Wy binne der klear foar, mar hoe sit dat mei de skûtsjeteams sels? Wy lizze alle skûtsjeskippers in pear fragen foar. Dizze tiisdei is dat Jaap Zwaga fan it skûtsje fan Langwar.

Foto: Martin de Jong

Jaap Zwaga is sûnt 2017 de skipper fan it Langwarder skûtsje. Yn 2018 einige Langwar op it fjirtjinde plak.

Hoe is it mei de teamspirit?
"Us team is geweldich. It binne stik foar stik prachtige minsken mei in hiel soad ynset."

Hokker plak is neffens jim it moaist om te silen?
"Dat is net sa dreech: Langwar fansels."

Wat sille jim dit jier oars dwaan?
"Neat oars as oars."

Hawwe jim noch saken oan it skip feroare?
"Wy hawwe dit jier in nije fok krigen, fierders gjin grutte bysûnderheden."

Wat meie wy net fan jim witte?
"Neat."

Wat is it bêste iten om op te silen?
"Ik haw net echt in foarkar. Us iten wurdt fersoarge troch "It Haske" en alles wat sy ús foarsette, is dik yn oarder."

Hokker skip sjogge jim as de grutste konkurrinsje?
"Net ien."

Wêrom sille jim dit jier winne?
"Wy sille ús alle dagen ynsette, mar winne... dat sille wy net tink ik."

It skûtsjesilen is fan sneon 27 july ôf alle dagen live te folgjen by Omrop Fryslân. Op radio te harkjen yn de deistige programma's fia 92.2 FM. Op telefyzje is fan dit jier ôf in spesjaal programma te sjen mei in folslein en streekrjocht ferslach fan de wedstriid mei live kommentaar fan start oant finish. Jûns om 18.20 oere sjogge we yn Skûtsjesilen 2019 werom op de wedstriid fan de dei. Mear ynformaasje is te finen op Omropfryslan.nl/skutsjesilen.

(advertinsje)
(advertinsje)