Alde suvelfabryk komt werom yn Hollum

16 jul 2019 - 07:52

De Amelanner gemeenteried omearmet it plan om it eardere suvelfabryk oan de Fabrieksweg yn Hollum op It Amelân op 'e nij op te bouwen, op te knappen en om bewenning mooglik te meitsjen. Inisjatyfnimmer Jur de Vries is tige bliid mei de útkomst.

Coöperatieve Zuivelfabriek Ameland - Foto: Nationaal Archief

Inisjatyfnimmer Jur de Vries is tige bliid mei de útkomst

De Vries sil no earst it pân keapje, want dat hat noch net plakfûn. Hy woe earst witte oft syn plan kâns fan slagjen hie by de gemeente foardat er syn hanteken ûnder it keapkontrakt sette soe.

De Vries wol der ek wer in molkfabryk fan meitsje. It iis fan it âlde suvelfabryk hie in namme om syn goede smaak. Dat wol De Vries werombringe en ek sille der ekskurzjes organisearre wurde. Yn totaal tweintich studio's foar personiel moatte it hiele projekt rendabel meitsje.

De Vries ferwachtet dat it oansicht binnen twa jier wer is as eartiids. Riedslid Esther Oud fan AmelandEén neamde it in moai plan, omdat der kultuerhistoarje weromkomt.

Trefwurden: 
It Amelân Hollum suvelfabryk
(advertinsje)
(advertinsje)