Zwaagman wint ynhelwedstriid fierljeppen yn Gryptsjerk

Bobby Zwaagman út Drylts hat moandei de fierljepperij yn Gryptsjerk wûn mei in sprong fan 19.80 meter. It wie foar Zwaagman syn earste winst fan dit seizoen yn de topklasse. Sytse Bokma út Hylpen waard twadde mei 19.66 meter en Ysbrand Galama út Warkum tredde (19.28 meter). Bokma is Galama no foarby yn it klassemint en ljept woansdei yn It Heidenskip foar it earst yn de Fryske liederstrui.
Zwaagman wint ynhelwedstriid fierljeppen yn Gryptsjerk
Bobby Zwaagman oer syn winnende 19.80 metersprong
By de froulju wûn Marrit van der Wal fan It Heidenskip mei 15.79 meter. Sigrid Bokma waard twadde mei 14.42 m.

Twadde deititel Veldstra

Opfallend by de junioaren wie dat Wietse Nauta dy't de earste alve wedstriden wûn hat, yn Grypstsjerk ferslein waard troch Folkert Veldstra mei 17.69 meter. Veldstra wûn sneon ek al yn Winsum. Nauta kaam net fierder as 16.95 meter en waard dêrmei tredde, achter Jos Bethlehem (17.26)
By de jonges gie de titel nei Rutger Haanstra mei in sprong fan 17.38 meter.

Spektakulêre winst Westert by de famkes

By de famkes wie der in grutte ferrassing. Hanneke Westert út Snits, yn juny krekt 13 jier wurden, sprong yn de foarronde in PR fan 13.34 m. en gie as tredde nei de finale. Dêr ljepte se in dik nij PR fan 14.66 meter en pakte sa har earste deititel yn de earste klasse. Favoryt Femke Rispens waard no twadde mei 13.94 m. Pytrix Westra waard tredde (13.82)
© Orange Pictures