Aris kontraktearret nije spiler Belch Cedric Dedecker

15 jul 2019 - 20:17

Basketbalklup Aris út Ljouwert hat de 18-jierrige Belch Cedric Dedecker kontraktearre. De talintfolle saneamde 'pointguard' kaam ôfrûne seizoen út foar de DME Sports Academy yn Daytona Beach yn Florida.

Foto: Aris

Foar Florida spile Dedecker yn de jeugdoplieding fan Leuven Bears yn België. Neffens bestjoerslid technyske saken Merlijn van der Meulen fan Aris past de fersterking goed by de styl fan spyljen fan Aris. Dedecker is in kreative spiler mei in soad potinsje, seit Van der Meulen. De klup yn Ljouwert wol Dedecker graach in kâns jaan om him te ûntwikkeljen op it heechste nivo.

(Advertinsje)
(Advertinsje)