Mooglik MFS en biblioteek yn gemeentehûs Stiens

15 jul 2019 - 19:49

Der binne plannen foar in multyfunksjoneel sintrum mei in biblioteek en seis apparteminten yn it gemeentehûs fan de eardere gemeente Ljouwerteradiel yn Stiens. Neffens wethâlder Hein de Haan fan de gemeente Ljouwert betsjut de ferhuzing fan de aktiviteiten fan kultureel sintrum De Skalm en de biblioteek nei it hert fan it sintrum fan Stiens yn ympuls foar it doarp.

Foto: Google Streetview

De petearen oer de bêste yndieling fan de beskikbere romte yn it gebou binne noch folop geande. Nei de simmer wurdt elkenien dy't dêrmei te krijen hat en ynwenners en oare belangstellenden útnûge foar de presintaasje fan de plannen. De gemeente Ljouwert is der net yn slagge om - lykas tasein - de plannen al foar de simmer te presintearjen. Dêrom dizze tuskenstân fan de belutsen partijen.

We binne noch oan it tekenjen, seit wethâlder De Haan. Se binne der yn prinsipe út mei de haadbrûkers. Dat is allerearst De Skalm, mar ek de biblioteek en it wykteam en alle partijen dy't by De Skalm hiere. Se binne no safier dat se witte dat it deryn past.

Wethâlder Hein de Haan

(Advertinsje)
(Advertinsje)