Fryske Rembrandt-keunst yn Rijksmuseum: "Het is onbeschrijfelijk"

15 jul 2019 - 18:54

Fotograaf Thom van Dijk fan Akkrum is ien fan de fyftjin Friezen waans Rembrandtkreaasjes yn it Rijksmuseum yn Amsterdam hingje. Keunstskilder Rembrandt van Rijn soe moandei 413 jier âld wurden wêze. Om syn libben en syn wurk te earjen is yn it Rijksmuseum moandeitemoarn de eksposysje 'Lang Leve Rembrandt' iepene.

Foto: Thom van Dijk

Earder al koene minsken, oft se no keunstner binne of net, harren selsmakke, op Rembrandt ynspirearre keunstwurken ynstjoere. Skilderijen, tekeningen, foto's, houtwurk, borduerguod, alderhande materialen binne brûkt om portretten op of fan te meitsjen.

Foto nei selsportret jonge Rembrandt

Tusken alle keunstwurken sitte ek de kreaasjes fan fyftjin Friezen. Thom van Dijk út Akkrum hat in foto makke dy't liket op in selsportret dat de jonge Rembrandt fan himsels makke hat yn oaljeferve. "Het is een zijaanzicht van Rembrandt, waarin zijn krullen heel duidelijk zichtbaar zijn. Er valt een heel mooi zogeheten 'rembrandtlicht' op zijn gezicht, waardoor zijn ogen en mond een beetje wegvallen in de schaduw."

Rembrandtljocht

It wie net maklik om dat nei te meitsjen mei in foto, jout Van Dijk ta. Hy hat der sawat in moanne mei dwaande west. "Ik heb heel veel bestudeerd hoe het licht nu eigenlijk werkt en hoe Rembrandt dat toentertijd heeft gedaan. Het is vooral heel veel proberen. Ik heb ongeveer honderd foto's gemaakt voordat ik zag welk licht nodig is."

Dat er no yn it Rijksmuseum hinget, fynt er fantastysk. "Het is natuurlijk een grote eer, want er waren ruim 8.000 inzendingen." Moandeitemoarn wie de iepening. Van Dijk wie derby. "Het is eigenlijk onbeschrijfelijk om je eigen werk er te zien hangen. Wie wil er nou niet in het Rijksmuseum als kunstenaar? Dat heb ik toch even gedaan."

Thom van Dijk

(Advertinsje)
(Advertinsje)