Tredde oanwinst SC Hearrenfean dizze simmer: Chidera Ejuke nije oanfaller

SC Hearrenfean hat in nije spiler: de oanfaller Chidera Ejuke (21). Hy komt fan Nigearia en komt as fuotballer by it Noarske Vålerenga wei. By de fuotbalklup yn It Hearrenfean hat Ejuke no foar fjouwer seizoenen tekene.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Doe't Ejuke 19 wie, makke er de oerstap fan Gome United yn Nigearia nei Vålerenga. Dêr wie er no dwaande mei syn tredde seizoen.
Chidera Ejuke by SC Hearrenfean
Technysk manager Gerry Hamstra, dy't op it stuit yn it bûtenlân sit, is tige wiis mei de transfer. Hamstra is benammen grutsk op Ejuke syn snelheid, dribbels en it fermogen ta skoaren. Mei Ejuke hat SC Hearrengean de tredde oanwinst fan de simmer binnenhelle. Earder binne al middenfjilder Hicham Faik en spits Jens Odgaard oanlutsen.
Cees Roozemond, direkteur SC Hearrefean