Mirjam de With wint priis foar bêste rezjy mei de film 'Taiki'

15 jul 2019 - 18:35

Regisseur Mirjam de With hat mei har telefilm Taiki op it Russyske filmfestival The Family Circle de priis wûn foar de bêste rezjy. En dat net allinne, de EO-film krige ek de publykspriis. De With komt oarspronklik fan De Jouwer en is ek bekend as regisseur fan de Omrop Fryslân-searje De Keet.

Foto: Dutch Features

Yn de film binne Jennifer Hoffman en Tibor Lukács te sjen. De film gie yn febrewaris al yn premjêre. Taiki giet oer de 9-jierrige Bruno, dy't yn in bosk yn Sweden ferdwynt as syn âlden him nei in rûzje út de auto sette. Hy woe net mei syn heit en mem op fakânsje, mar thúsbliuwe om te gamen mei syn digitale freon Taiki. Bruno wurdt spile troch Pepijn van der Sman.

(Advertinsje)
(Advertinsje)