Komt it âlde suvelfabryk werom yn Hollum op It Amelân?

15 jul 2019 - 18:10

It kolleezje op It Amelân ûndersiket oft it âlde suvelfebryk oan de Fabrykswei yn Hollum weromkomme kin. De âlde Coöperatieve Zuivelfabriek Ameland waard yn de jierren 20 boud, gie yn de jierren 70 ticht en krige yn de jierren 80 in oare funksje. Neffens it kolleezje soe it fabryk in prachtige yntree fan it doarp wêze. It Amelân moat sa wat ferdwûn yndustrieel erfgoed werom krije, seit Jur de Vries fan Hollum dy't it ambisjeuze plan makke.

Coöperatieve Zuivelfabriek Ameland - Foto: Nationaal Archief

Yn 1982 waard it eardere fabryk in garaazje, smidderij en boumerk. In jier dêrnei is de skoarstien fan 30 meter heech ôfbrutsen. De stoomfluit fan it fabryk gie nei it Maritiem Museum. It wie de ein fan it âlde fabryk, mar dêr moat no feroaring yn komme.

"Het is een van de laatste stukjes industrieel erfgoed die Ameland nog heeft. Theo Faber, de huidige eigenaar, is pensioengerechtigd en het zou zonde zijn als straks de sloophamer ertegenaan gaat. We kunnen nu het te koop staat proberen om er met lokale bewoners nieuw leven in te blazen", leit Jur de Vries út.

Apparteminten

Yngenieursbedriuw Sweco hat in advys oan de gemeenteried jûn. Op de boppeferdjipping kinne in pear apparteminten komme, as tydlik wenplak foar personiel. Dêr is op it eilân in tekoart oan. It plan giet oer 20 studio's foar 40 minsken: "Om het financieel aantrekkelijk te maken", seit Jur de Vries. Om de apparteminten te bouwen is der wol in bestimmingswiziging nedich.

"Op de bovenverdieping zijn mooie ruimtes die op dit moment leeg staan. Als we daar personeelsstudio's van maken, hebben we ook weer een oplossing voor een probleem op Ameland", seit De Vries. "De gemeente heeft aangegeven medewerking te verlenen aan het opzetten van groepsaccommodaties voor huisvesting binnen de bebouwde kom, zo'n fabrieksplan zou daar misschien ook wel in passen."

Op 'e nij suvel ferkeapje

De boumerk kin yn it pân sitten bliuwe, al moat de winkel al in stikje lytser wurde. De smidderij kin ferhûzje en de benzinepomp giet fuort. Oan de foarkant wolle ûndernimmers fan It Amelân suvelprodukten ferkeapje, foar Amelanners en badgasten.

De foargevel moat der neffens it plan fan Jur de Vries fan Hollum wer lyk sa út komme te sjen as it ea wie. De Vries wol ek dat der wer molke ophelle wurdt mei in antike molkauto en dat besikers as in ekskurzje troch it fabryk rinne kinne. Dêr kinne toeristen dan ek produkten fan It Amelân keapje.

Skoarstien en stoomfluit werom

De skoarstien moar wer op 'e nij boud wurde en de stoomfluit moat werom. Dizze fluit wie in teken foar de boeren op it eilân dat de hynders út it lân moasten as de hynsterêdingboat yn aksje komme moast.

Op 15 july nimt de gemeenteried in beslút oer it plan fan it kolleezje. Algemeen Belang Ameland hat al oanjûn it plan moai te finen.

Jur de Vries fan Hollum oer syn plan

(advertinsje)
(advertinsje)