Sander Arends krekt ûnderút yn earste ronde Båstad

15 jul 2019 - 17:39

Tennisser Sander Arends hat yn in tige spannend duel op it ATP-toernoai fan Båstad ferlern. Yn de earste ronde op it gravel yn Sweden waard it 6-7 7-6 en 10-5 foar de Belgen Sander Gille en Joran Vliegen.

Foto: www.orange-pictures.nl

Yn de earste set siet it nivo ticht byinoar. Beide teams pakten ien break. Uteinlik moast in tiebreak de beslissing bringe, en dêryn wiene Pel en Arends mei 7-5 te sterk. Ek yn de twadde set kaam der foar beide teams ien break op it skoareboerd. Yn de tiebreak wiene it dizze kear de Belgen dy't der mei de winst fan troch giene (7-2).

Dêrom moast in supertiebreak de beslissing bringe. Dêryn pakten Arends en Pel healwei twa punten foarsprong (5-3) mar dêrnei wie it op. De Belgen kamen werom en Arends en Pel pakten gjin inkeld punt mear.

Trefwurden: 
Sander Arends tennis Bastad
(Advertinsje)
(Advertinsje)