Fûgelbeskerming: 'Soargje foar mear natuerlike fijannen ikeprosesjerûp'

15 jul 2019 - 16:47

De Fûgelbeskerming docht in oprop om de ikeprosjeserûp op in oare wize te bestriden. Se hoopje dat elkenien in brief stjoert nei de eigen gemeente, mei de fraach om te ynvestearjen yn biodiversiteit. Sa soene bermen bygelyks planteriker wurde kinne troch se net te meanen en it gers lizze te litten.

Foto: Omrop Fryslân

Yn in lânskip dêr't in soad bisten libje, komme natuerlike fijannen ek faker foar. Dat is mei de ikeprosesjerûp ek it gefal, seit Lars Soerink fan de Fûgelbeskerming. Sa is it fûgeltsje de blokmies (koolmees yn it Nederlânsk) in natuerlike bestrider fan de ikerûp. En slûpbijen lizze aikes yn de nêsten fan de ikeprosesjerûp.

Natuerlike oanpak

Wat in soad gemeenten no dogge is de bermen meane en it gers lizze litte. Under dat fertoarre gers wolle planten net rjocht goed groeie. As der in gruttere plante- en soarterykdom is, kinne pleagen, lykas no mei de ikeprosesjerûp, minder gau op grutte skaal útbrekke.

Hielendal ferdwine sil de ikeprosesjerûp ek wer net, seit Soerink. Boargers soene de gemeenten yn in brief freegje moatte om in natuerlikere oanpak, mei in grutter ferskaat oan soarterykdom. Gemeenten dy't de ikerûp bestride, dogge dat no mei in stofsûger of, bytiden ek, mei fergif. Soerink fynt dat lêste gjin goede saak, want dan gean net allinnich de ikeprosesjerûpen dea, mar ek oare bisten.

Goedkeaper

Soerink neamt Weststellingwerf ien fan de gemeenten dy't it wol goed docht. Natuerlik bermbehear is, ast alles optelst mei bestriding en skea, miskien noch wol goedkeaper as op grutte skaal stofsûgje en fergifje. Hoechst dan minder grutskalich te bestriden en de enerzjy op plakken ynsette dêr't minsken der echt lêst fan hawwe, fynt de Fûgelbeskerming.

(Advertinsje)
(Advertinsje)