Fryslân Fêstlein: "Us lyts famke foar it earst mei op fakânsje, dat wie sa bysûnder"

15 jul 2019 - 16:45

Fan wettereangst yn Boarnsweach oant in persoanlike oerwinning op It Amelân. Dizze simmer sammelet Omrop Fryslân foar de simmerrige Fryslân Fêstlein de moaiste fakânsjefoto's yn. Dizze kear de bysûndere 'minyfakânsje' fan Nynke Jongema. "Us lytse famke is krekt berne en dus koene wy net fier fuort. Dan is Fryslân de kommende jierren ideaal."

"Dizze foto is foar my hiel bysûnder, omdat myn dochter derby op stiet", fertelt Nynke, wylst sy fereale nei har famke Lieke sjocht. "Sy is ferline jier oktober berne en sy wie in kadootsje. Wy binne tige bliid mei har en wolle no graach safolle mooglik oantinkens meitsje."

Jo hoege hielendal net nei Barbados

"Wy wiene dochs al yn Harns en hawwe doe besletten om foar in dei nei Flylân te gean. Dat is wol in grut foardiel fan Fryslân. Al yn 'e haven fielt it as fakânsje. Foar dat gefoel hoege jo hielendal net nei Barbados", laket Nynke. "De lytse foar it earst mei op fakânsje, dat wie sa bysûnder. Sy seach op de boat sa bot om har hinne. Sy fûn it fantastysk, mar it is fansels ek hiel spektakulêr allegearre."

Nynke Jongema oer har fakânsje op Flylân

'Fryslân Fêstlein'

Ha jo ek in bysûndere foto fan in fakânsje yn Fryslân? Lit it ús witte! Stjoer jo foto en ferhaal nei foto@omropfryslan.nl

Trefwurden: 
Flylân Fryslân Fêstlein
(advertinsje)
(advertinsje)