Gemeenteried ferbiedt smoke by it gemeentehûs fan Skylge

15 jul 2019 - 15:37

Der mei meikoarten net mear smookt wurde op it terrein om it gemeentehûs fan Skylge hinne. Dat hat de gemeenteried besletten fanwege it negative effekt fan smoke op de sûnens.

De flagge fan Skylge - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Der komme op trije plakken by it gemeentehûs buordsjes mei it ferbod te stean. Ek wurde de jiskebakken op it terrein fuorthelle.

It ferbod giet 1 augustus yn.

Trefwurden: 
gemeentehûs Skylge smookfrij
(Advertinsje)
(Advertinsje)