De meunstertyk komt deroan: nei de tyk no ek de supertyk yn Nederlân

15 jul 2019 - 15:22

Yn Odoorn yn Drinte is sa goed as wis in supertyk, of meunstertyk, oantroffen. It is foar it earst dat it bistje yn ús lân sjoen is. Earder waard it al wol yn Dútslân fûn. Neffens undersikers fan Universiteit Wageningen is de kâns grut dat de tyk op termyn ek nei ús provinsje komt.

Caroline Clement út Borger fûn de tyk op har hynder, dy't yn de greide by Odoorn stie. "Ik haal dagelijks teken uit mijn paarden en ik zag meteen dat deze anders was. Hij heeft heel lange poten en hij was vooral heel snel."

It bistje hjit offisjeel de hyalommatyk, mar is lanlik yn it nijs bekend as de 'supertyk.' Dit komt om't er in stik grutter is as 'normale' tiken. Dêr't de normale tyk passyf wachtet op in proai, giet de hyalommatyk aktyf op 'e siik.

Kollega's fan RTV Drenthe lieten foto's fan de supertyk sjen oan biolooch Arnold van Vliet fan Wageningen University & Research. Hy is ekspert op it mêd fan tiken. "Er zijn vier kenmerken waardoor het er sterk op lijkt dat dit een hyalommateek is. Je kunt het onder meer zien aan het streepjespatroon op de poten en aan de grootte. Bovendien beweegt de teek zich snel volgens degene die hem heeft gevonden en zat het dier op een paard."

Krim-Congofirus

De supertyk dy't yn Odoorn fûn is hat mooglik it Krim-Congofirus by him. It bist is ien fan de grutste fersprieders fan dit firus, dat liket op ebola. "Daarom maken we ons zorgen over de vestiging van de reuzenteek in ons land. De ziekte komt al voor in Zuid-Europa en die wil je hier gewoon niet hebben", sa seit biolooch Van Vliet.

Arnold van Vliet fan de Universiteit Wageningen

Oft de supertyk út Drinthe it firus echt by him hie, wurdt op dit stuit ûndersocht troch it RIVM en de NVWA. De tyk kin him ferstopje op de grûn en giet aktyf op 'e siik nei in gasthear as se bygelyks trillingen fiele. Yn de jacht op in proai kinne se maksimaal wol hûndert meter ôflizze.

Supertyk komt tichterby

Oant no ta waard it bistje benammen fûn yn Noard-Afrika en Azië, mar it liket derop dat it hieltyd mear yn West-Europa foarkomt. Dat kin komme om't se mei trekfûgels dizze kant op komme, mar fan de supertiken yn Dútslân is nei ûndersyk bekend dat se dêr oerwintere hawwe.

Neffens Van Vliet is de kâns grut dat it bistje yn de takomst faker sjoen wurdt yn Nederlân. "Het is een warmteminnend beest. Je ziet dat hij steeds meer richting het noorden trekt. Klimatologisch wordt het hier steeds geschikter. Het is dus niet onwaarschijnlijk dat hij zich hier gaat vestigen", sa seit de biolooch.

Van Vliet: "Doordat het warmer wordt, is het wel iets waar we rekening mee moeten houden. Hij past ook in het lijstje waar bijvoorbeeld de tijgermug in hoort." Dochs is it neffens him net eat om bang foar te wurden. "De kans dat je hem tegenkomt is verwaarloosbaar klein. Je kunt beter opletten dat je de gewone teek niet tegenkomt."

Trefwurden: 
supertyk
(Advertinsje)
(Advertinsje)