Boete foar Cambuur foar smiterij fan tribune

SC Cambuur moat in boete fan 3750 euro betelje. Dat meldt fuotbalbûn KNVB. De reden is in ynsidint op de tribune yn de play-offs-wedstriid tsjin De Graafschap op 19 maaie. Fan de tribune ôf yn it Ljouwerter stadion waarden dingen rjochting it spylfjild smiten.
De Graafschap - SC Cambuur © Omrop Fryslân
Fanwege it barren hat de skiedsrjochter de wedstriid eefkes stillein.