Beurtskip fan Grou ferkeazen ta 'skip fan it jier' op Snitswike

It beurtskip 'Dorp Grouw' is ferkeazen ta 'Skip fan Jier' foar de iepening fan de Snitswike fan 2019. Op 2 augustus leit it skip yn De Kolk en jûntiids docht it mei oan de bekende floatskou yn de stêd. Bysûnder is dat it skip yn orizjinele steat brocht is troch goed 80 wurksikers. Fan harren hat mear as de helte in baan fûn nei it restauraasjeprojekt.
It beurtskip 'Dorp Grouw' © Stichting Dorp Grouw
It skip is makke op De Jouwer by de werf fan Auke Holtrop van der Zee en it fear fan 1910 ôf op de beurtfeart tusken Snits, Grou en Ljouwert. Neffens Sneek Promotion hat it skip dêrmei in wichtige, kultuerhistoaryske rol spile foar it súdwesten fan Fryslân. Letter kaam it skip yn Zoutkamp yn Grinslân terjochte, dêr waard it brûkt foar de fiskerij op garnalen. Fan 1988 ôf wie it skip in rekreaasjefartúch.

Restauraasje fan it skip

Yn 2011 kaam it skip te keap. In groep leafhawwers brocht it ûnder yn de stichting Dorp Grouw, mei it doel it skip te restaurearjen en werom te bringen yn de oarspronklike útfiering. Dat hat goed 3,5 jier duorre en is dien troch wurksikers ûnder lieding fan Bryan Kes en Age Veldboom.

Fakminsken

It skip is dus keppele oan in lear-wurktrajekt foar mear as 80 minsken. Ien fan de dielnimmers wie bygelyks in skilder út Syrië, dy't mei dit projekt de Nederlânske taal better leard hat. Mear as 40 wurksikers hawwe nei it projekt in baan fûn, jout Harry Amsterdam oan as foarsitter fan de stichting Dorp Grouw.