Nije Cambuurspits Giovanni Korte moat foar it "nedige gif" soargje

15 jul 2019 - 14:22

Sportklup Cambuur hat oanfallende fersterking helle. Giovanni Korte komt oer fan NAC Breda, dêr't syn kontrakt net ferlinge waard. De 25-jierrige Korte moat allinnich noch in medyske keuring ûndergean. Hy tekenet in kontrakt foar twa jier by de Ljouwerters.

Foto: www.orange-pictures.nl

Korte makke yn 2013 syn debút yn it betelle fuotbal by ADO Den Haach. Dêrnei spile hy noch foar FC Dordrecht. De ôfrûne trije jier spile hy by NAC Breda.

"It nedige gif"

Technysk manager Foeke Booy fan Cambuur seit oer de nije oanwinst: "Giovanni is zo'n speler die we al langer volgen en waarvan we vinden hij goed bij SC Cambuur past. Hij speelt met lef, bravoure, kan scoren en brengt ook het nodige gif. Het zegt iets dat een speler van zijn kaliber voor onze club en ons plan kiest. Dat is een mooi signaal en dat geeft nog maar eens aan dat we op de goede weg zijn."

(Advertinsje)
(Advertinsje)