Flean- en gefjochtsoplieding soarget ek yn de hjerst foar ekstra lûd

Omwenners fan de fleanbasis yn Ljouwert moatte dizze hjerst rekken hâlde mei ekstra oerlêst fan de fleanbasis. Dat komt troch de oplieding Fighter Weapons Instructor Trainer: in spesjale en tige swiere oplieding foar wapenynstrukteurs.
Flean- en gefjochtsoplieding soarget ek yn de hjerst foar ekstra lûd
De oplieding is ein april úteinset en duorret oant novimber. De ôfrûne moannen wiene der al ekstra fleanbewegingen troch dizze FWIT-oplieding en dat sil ek nei de simmerstop trochgean. "Er komen in ieder geval meer vliegbewegingen op het veld", fertelt luitenant kolonel Ronald van der Jagt fan de fleanbasis. Dochs komt it net boppe de noarmen út: "Wij zijn beperkt aan een totaalaantal starts en landingen op jaarbasis, en daar gaan we ook wel naartoe, dit jaar."

Ofhinklik fan it waar

De oerlêst foar de rest fan de provinsje hinget foar in grut part ôf fan it waar. "Grondzicht is zeer van belang voor het tweede deel van de opleiding", fertelt Van der Jagt. "Daar waar wij grondzicht hebben omdat het daar goed weer is, daar zal de oefening plaatsvinden." Dat kin boppe Noard-Nederlân wêze, mar ek boppe Súd- of East-Nederlân.
Wis is wol dat Flylân ekstra leven ferwachtsje kin yn de earste wiken fan de twadde faze fan de oplieding.
Fleanbasis Ljouwert © Shutterstock.com
De FWIT-oplieding hat dit jier studinten út ûnder oare Nederlân, België en Portugal. Dat binne de EPAF-lannen, de European Participating Air Forces. De oplieding duorret sân moannen. Yn dy tiid leare de piloaten alles oer de wapens oan board en de ferskate taktiken dy't brûkt wurde kinne by loftoperaasjes. Itjinge dat se leare, nimme se mei nei de squadrons om dy oer te bringen op de oare fleaners.
De training is ferdield oer trije fazen, de earste is al dien. Fan april oant no is benammen 'air-to-air' traind. Dat betsjut dat fjochtsituaasjes yn de loft traind en trochnaam wurde. De kommende moannen komme dêr 'air-to-ground' en 'mission employment' noch by. Dêrmei krije de studinten training oer de wize wêrop't se grûndoelen oanfalle kinne en wat dêr dan by komt sjen. As ôfsluter wurde 'air-to-air' en 'air-to-ground' byinoar brocht.
Njonken de F16 binne de kommende moannen ek twa Hercules-fleantugen yn aksje boppe de provinsje. Sy jouwe stipe oan de oefening.
Luitenant-kolonel Ronald van der Jagt