Samen Terschelling lekt brief om't drankmisbrûk op Skylge "út 'e klauwen rint"

15 jul 2019 - 12:40

Fraksjefoarsitter Gossen Bos fan de lokale politike partij Samen Terschelling hat gjin spyt fan it lekken fan it brief fan sikehûs UMCG oer it drankmisbrûk op Skylge. Neffens Bos is it syn 'maatskiplike plicht' om de ynhâld iepenbier te meitsjen. Yn it brief liede helpferlieners op it eilân de needklok oer it drankmisbrûk ûnder jonge toeristen op it eilân. Dizze ynformaasje is ferline jier mei tastimming fan it UMCG dield mei de riedsleden, ûnder betingst dat it fertroulik behannele wurde soe.

Foto: ANP

Nei oanlieding fan it lekken fan de brief makket boargemaster Wassink him soargen oer it funksjonearjen fan it gemeentebestjoer. Fraksjefoarsitter Bos sjocht dat oars. Bos woe mei it lekken fan it brief syn ried wekker skodzje. "Ik vind dat het tijd is voor actie en dat het mijn maatschappelijke taak is om de discussie over dit grote probleem weer op gang te brengen."

Wol of net fertroulik

Ek by it stimpel 'vertrouwelijk' set Bos syn fraachtekens. "De burgemeester zegt dat de brief vertrouwelijk is, maar dat staat niet in de brief zelf en het UMCG zegt ook niet dat hij vertrouwelijk moet blijven. Het punt is dat er wat ernstigs kan gebeuren terwijl de raad weet dat de brief er al een jaar ligt en we niets hebben gedaan. Als er wel wat gebeurt, zijn de rapen gaar op Terschelling en wordt er wel naar ons gekeken", jout Bos oan.

Gjin aksje

It brief leit al in jier by de ried en neffens Bos is der yn de ôfrûne tiid neat mei dien. "Ik hoop dat we alle partijen om tafel krijgen en een werkgroep kunnen creëren, zoals in een bijeenkomst op 10 januari is afgesproken. Toen is aan iedereen kenbaar gemaakt dat er actie moet komen en dat er een werkgroep moet komen met alle stakeholders, maar vervolgens is er niets gebeurd."

Ik vind dat het college en de voltallige raad hier hun verantwoordelijkheid verzaken.

Gossen Bos, fraksjefoarsitter Samen Terschelling

Drankmisbrûk neat nijs

It drankmisbrûk op Skylge is op himsels neat nijs. De problemen rinne no út 'e klauwen, fynt Samen Terschelling. Dat it probleem grut is, is ek bekend by de ried. Der is al in budzjet fan 50.000 euro beskikber om it drankmisbrûk oan te pakken. Bos: "Het UMCG heeft vorig seizoen al meerdere gesprekken gehad met de burgemeester en vond het nodig dat er iets op papier kwam te staan. Er kwam wel een bespreking en in de kadernota is er 50.000 euro voor uitgetrokken."

Ferantwurdlikheid nimme

Mar dêrnei is neffens Bos sein dat it dochs wol tafalt op de kampings. Hy seit mei klam dat it net allinnich giet om drankmisbrûk ûnder jonge toeristen. Ek de konsumpsje fan drank by de eigen Skylger jongerein is grut, krekt lykas it drugsgebrûk op it eilân. Samen Terschelling fynt dat de boargemaster no ferantwurdlikheid nimme moat. "Ik vind dat het college en de voltallige raad hier hun verantwoordelijkheid verzaken."

(advertinsje)
(advertinsje)