Minister Slob stelt 48 miljoen beskikber foar skoallen yn krimpregio's

15 jul 2019 - 12:23

De ekstra miljoenen dy't it Ryk jaan wol oan middelbere skoallen yn krimpregio's, moatte benammen ynvestearre wurde yn personiel en it ferminderjen fan de wurkdruk. Dat seit Joop Vogel fan de Ried fan Bestjoer fan CSG Liudger as reaksjes op it nijs dat minister Arie Slob 48 miljoen euro beskikber stelt om der foar te soargjen dat lytse skoallen iepenbliuwe kinne.

Moandei makke ûnderwiisminister Arie Slob bekend dat der jild frijmakke wurdt foar middelbere skoallen dy't te krijen hawwe mei krimp. "Het voortbestaan is essentieel voor de bereikbaarheid van het onderwijs en de leefbaarheid van dunbevolkte gebieden", skriuwt de minister yn syn brief oan de Twadde Keamer.

Vogel fan Liudger hat al wol ideeën wêr't skoallen it jild foar brûke kinne. "Wat we graag willen, is dat we ons personeel kunnen behouden. Dan kunnen we ook wat aan de werkdruk doen. Het gaat niet zo zeer om een beter salaris, maar als je leraren kunt behouden, dan kun je zo ook anders inzetten. Denk aan meer begeleiding van leerlingen of onderwijsontwikkeling."

Jildpine

Skoallen krije fan it Ryk in fêst bedrach foar elke learling. No't der hieltyd minder bern op skoalle sitte, komme de skoallen yn de finansjele problemen. It giet om skoallen yn Fryslân, Grinslân, Oerisel, Gelderlân, Seelân en Limboarch.

Fan takom jier ôf kinne skoallen harren oanfraach yntsjinje. Der is dan 10 miljoen beskikber, dat ferdield wurde moat. Yn 2021 is der 15 miljoen foar de skoallen. De skoallen meie sels witte hoe't se it jild brûke wolle.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Alle skoallen yn krimpgebieten hawwe in brief fan de minister krige mei dêryn de krimpfoarsizzing. Vogel: "Ook wij hebben kortgeleden een brief van de minister gekregen met een voorspelling van de krimp tot 2030. We moeten in de regio Drachten rekening houden met zo'n 21 procent minder leerlingen, wat neerkomt op zo'n 500 tot 600 leerlingen. Dat zijn flinke aantallen. Daarmee kom je als school in de problemen."

Finger oan de pols

Vogel is dan ek wiis mei it jild dat frijmakket wurdt foar it ûnderwiis yn krimpgebieten. Vogel: "We hebben als scholen in Noord-Nederland de koppen bij elkaar gestoken om gezamenlijk aandacht te vragen voor deze problematiek bij de minister. We zijn positief dat de minister hier geld voor vrijmaakt. Maar het is onduidelijk waar het aan besteed gaat worden. Daarbij zou je bijvoorbeeld ook kunnen denken aan leerlingenvervoer in de regio's waar scholen moeten sluiten. We zullen zeker vinger aan de pols houden waar het geld naartoe gaat."

Bestjoersfoarsitter Joop Vogel fan CSG Liudger

Fuort út Ferwert

Yn Fryslân binne ferskate lytsere middelbere skoallen dy't de holle net boppe wetter hâlde kinne. Ien fan de skoallen dy't de doarren slute moasten, is de lokaasje fan it Dockinga College yn Ferwert. Omrop Fryslân gong de ôfrûne wiken op besite yn Ferwert om te sjen wat de sluting mei de dosinten, learlingen en meiwurkers docht.

Besjoch hjir de rige 'Fuort út Ferwert'.

(Advertinsje)
(Advertinsje)