Oppas wat djoerder wurden yn Fryslân, krekt ûnder lanlik gemiddelde

15 jul 2019 - 12:20

In oppas yn Fryslân fertsjinnet yn trochsneed sa'n 7,33 euro yn de oere. Dêrmei sit Fryslân krekt ûnder it lanlik gemiddelde fan 7,40 euro yn de oere. Dat docht bliken út in ynventarisaasje fan oppas-platfoarm Sitly, dêr't sa'n 176.000 oppassers yn Nederlân by oansletten binne. Wol binne de kosten foar in oppas yn ús provinsje wat omheech gien, yn 2018 wie it oerelean noch 6,88 euro.

Foto: ANP

Yn hast alle provinsjes is it oeretaryf tanaam. Neffens it oppas-platfoarm hat dat te krijen mei krapte op de arbeidsmerk. Minsken fine hjoed-de-dei makliker in baan, de 'konkurrinsje' foar it oppaswurk is dus tanaam.

It leechste oerlean foar in oppas is yn Oerisel: 6,55 euro. En yn Noard-Hollân fertsjinnet in oppas yn trochsneed it meast: 9,21 euro. Dochs falt it yn Nederlân noch wol wat ta. Yn Denemarken binne âlden bygelyks yn trochsneed 15,91 euro yn de oere kwyt oan in oppas.

Trefwurden: 
bern oerelean oppas
(advertinsje)
(advertinsje)