Bern fan it azc yn Balk kinne tenei wer feilich efterop 'e fyts

15 jul 2019 - 11:06

As der eat Nederlânsk is, dan is it wol fytse. Ek bern wurde hjir gewoanwei al jong meinaam efterop de fyts. Mar hoe dogge jo dat as jo noch mar krekt yn ús lân wenje en net de middels hawwe om sa'n sitsje te keapjen? Mei tank oan it bemiddeljen fan frouljusferiening Passage Ealahuzen-Aldegea krije de bewenners fan it azc yn Balk fytssitsjes foar harren bern. Tiisdei wurde de sitsjes offisjeel oerlange.

Foto: ANP

It is net de earste kear dat de frouljusferiening derfoar soarget dat de bern yn Balk feilich op 'e fyts sitte kinne. Yn 2017 hat Passage ek al fytssitsjes ynsammele. Mear as in jier letter gie it azc ticht, doe binne de sitsjes fan doedestiids meigien mei de bewenners dy't der op dat stuit wennen.

Jonge húshâldingen

Yn maaie 2019 is it azc wer iepene, doe is Manda Heerschop fan de opfang op 'e nij de frouljusferiening benei kaam. Der binne nammentlik in soad jonge húshâldingen by kaam. De frouljusferiening hat kontakt lein mei it bedriuw Bobike, dat sitsjes makket. De produsint jout no in lytse 50 fytssitsjes oan it azc.

(Advertinsje)
(Advertinsje)