Fandalen soargje foar soad skea yn gebou fan de Nieuwe Ooststellingwerver

15 jul 2019 - 10:59

Fandalen hawwe ôfrûne wykein foar grutte skea soarge yn it leechsteande gebou fan de lokale krante de Nieuwe Ooststellingwerver. It pân sit oan 't Oost yn Easterwâlde. It plafond waard fernield en der waarden diskriminearjende teksten op de muorre skreaun.

Wykagint Geert Bos sette de foto's fan de fernielings op Twitter. Hy freget tsjûgen om harren te melden en tips troch te jaan fia it algemiene nûmer fan de plysje: 0900-8844.

Trefwurden: 
Easterwâlde fernielings
(Advertinsje)
(Advertinsje)