Aldehou moat it de kommende tiid efkes dwaan sûnder 'kroantsje'

15 jul 2019 - 10:32

De Aldehou moat it de kommende moannen stelle sûnder syn spitskonstruksje. De spits wurdt der woansdei ôftakele, omdat er renovearre wurde moat. It giet om de houten konstruksje dy't boppe op de stiennen toer stiet, dêr't ûnder oare de grutte flaggemêst diel fan út makket.

De Aldehou yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Mocht der de kommende tiid flagge wurde moatte, dan wurdt der in hoekmêst brûkt. Dat is ûnder oare op 15 augustus it gefal, as it offisjele ein fan de Twadde Wrâldoarloch betocht wurdt. De Aldehou is de kommende tiid gewoan iepen foar besikers, útsein wannear it takelwurk gefaar opsmite kin.

Ein septimber wurdt de houten konstruksje wer op de toer pleatst.

Trefwurden: 
Ljouwert Aldehou
(advertinsje)
(advertinsje)