Kollum: "Vreselijke ouderavond"

"In jonge út Den Haag mei fan 'e jûn dochs yn de einmusical fan syn skoalle spylje. Syn heit en mem stiene op it punt om in koart pleit oan te spannen by de rjochtbank tsjin de basisskoalle, om't dy harren soan net in rol jaan woe yn de musical. Neffens in psychiater soe soks in grut trauma opsmite kinne foar de jonge. Dat nijs hearde ik freedtemiddei en brocht my werom nei myn eigen einmusical eartiids op de basisskoalle.
Nynke van der Zee © Omrop Fryslân
De Toan fan Nynke van der Zee
Tsjintwurdich hat elkenien it oer in einmusical. Yn myn tiid wie it noch in 'feestelijke ouderavond'. Fan it wurd 'feestelijk' hiene wy al rap 'vreselijk' makke. De 'vreselijke ouderavond' waard yn dy tiid noch folslein sels betocht troch ús masters en juffers. Fan de teksten fan de haadrolspilers oant de ferskes dy't wy mei ús allen sjonge moasten. In megaklus, ast der oer neitinkst, want by de vreselijke ouderavond die de hiele skoalle mei. Net allinnich groep acht, mar groep 1 oant en mei groep 8.
No ha ik op in basisskoalle sitten mei yn totaal sa'n 45 bern, dus dan falt it begryp 'de hiele skoalle' ek wol wer in bytsje ta. Mar toch, betink foar alle bern fan groep 1 oant en mei 8 mar ris in rol. En studearje dat mar ris yn mei dy allerlytskes. Dat is noch in hiele poepetoer. Lit stean mei dy pubers yn groep 8 dy't it ferrekke om ferklaaid in ferske te sjongen op it poadium.
Thús ha ús heit en mem noch ferskate fideobannen lizzen fan dizze vreselijke ouderavonden. En ientsje dêrfan koe ik as bern mar min weromsjen. It wie de vreselijke ouderavond dêr't wy as tema 'It sirkus' hiene. Ik siet yn groep 5 of 6 neffens my, dus ik sil in jier as njoggen, tsien west ha. En mei de famkes út de klasse wiene wy de amazônes fan it sirkus. No lei my dat wol, want ik wie eartiids in echt ponnyfamke.
Dus doe't der oefene wurde moast, mocht ik foarop. Ik koe merakels drave, galoppearje en piaffearje. Op it wolbekende deuntsje fan de hynstekeurings mei dat gepingel op dat ambyld, draafden wy mei ús allen oer it poadium. Ik foarop yn myn glimmend swarte gymnastykpakje. Om de fuotten rûzeltsjes, sa't Fryske hynders dat ek hawwe. En tusken myn fuotten fansels in prachtich stokpaardje. Ik wie de kening te ryk.
Us optreden gong poerbêst. Ik makke gjin inkele fout. Mei in dikke reade kop naam ik plak op de bank lâns it poadium dêr't alle bern fan de skoalle sieten. Doe wie it wachtsjen oant de slotakt. Dêrby soe de sirkusdirekteur nammentlik noch foar de lêste kear alle artysten it poadium op roppe. Dus ek de amazônes op harren hynders. En dêr gong it mis.
Yn alle opwining fergeat ik de twadde kear myn stokpaardje ûnder de bank wei te grissen. Ik ha it sels gelokkich noait echt yn de gaten hân, mar ik ha myn earerûntsje makke as Anky sûnder hynder. Mei oare wurden: ik ha knieheft, ik ha gallopeard en ik ha piaffeard sûnder stokpaardje. En dat is allegear fêstlein op dy fideobân.
Doe't wy nei ôfrin fan de vreselijke ouderavond de bân mei nei hûs krigen en yn de fideorekorder stoppen, koe ik wol janke doe't ik der achter kaam dat ik foar lul stien hie. 'Ach', sei ús mem, 'wat jout it?' En se hie gelyk. Der hoegde by my gjin psychiater oan te pas te kommen om dit te ferwurkjen. Mar it stokpaardje ha ik noait wer oanrekke."