Al 60 jier 'Vakantiespelen' yn de bosken fan Eaststellingwerf

15 jul 2019 - 08:04

Foar de sechtichste kear kinne bern yn Eaststellingwerf yn de earste twa wiken fan de simmerfakânsje genietsje fan de 'Vakantiespelen'. Al 60 jier organisearret de Stichting Vakantiespelen Ooststellingwerf yn de bosken fan Appelskea ferdivedaasje foar sa'n 400 bern.

Bosk yn de hjerst - Foto: Shutterstock.com

De 60e edysje is oanlieding foar in ekstra feestlike edysje. It tema dit jier is Bep What's App, dy't op syk giet nei har eigen ferline mei in tiidsmasine. Alle jierren komme der sa'n 400 bern nei de bosk om mei te dwaan oan allerhanne aktiviteiten. De bern wurde ophelle mei in dûbeldekkerbus. En de âldste bern kinne in nachtsje yn de bosk sliepen bliuwe.

75 frijwilligers

Fan foksejacht oant libjend stratego: sa'n 75 frijwilligers meitsje de Vakantiespelen mooglik. "Elk jaar zoeken we nieuwe vrijwilligers", fertelt Ilona van Veen fan de Stichting Vakantiespelen Ooststellingwerf. "Ook achter de coulissen hebben we heel veel mensen nodig. Gelukkig krijgen we ieder jaar deze mensen bij elkaar."

Reüny op 5 oktober

Spesjaal yn it jubileumjier organisearret de stichting op 5 oktober in reüny foar alle minsken dy't yn de rin fan de jierren frijwilliger west hawwe. Sjocht foar mear ynformaasje op de webside.

Ilona van Veen fan de Stichting Vakantiespelen Ooststellingwerf

(Advertinsje)
(Advertinsje)