Eefkes byprate mei: Klaas Westerdijk fan d’Heale Moanne

15 jul 2019 - 08:00

De simmerfakânsje is begûn, mar it fakânsjegefoel komt by de measte Friezen pas écht wannear't de skûtsjes oan de start lizze fan it SKS skûtsjesilen. Wy binne der klear foar, mar hoe sit dat mei de skûtsjeteams sels? Wy lizze alle skûtsjeskippers in pear fragen foar. Dizze moandei is dat Klaas Westerdijk fan d'Heale Moanne út Drachten.

Klaas Westerdijk - Foto: Martin de Jong

Klaas Westerdijk is sûnt 2017 skipper fan it skûtsje d'Heale Moanne. Yn 2018 einige d'Heale Moanne op it njoggende plak.

Hoe is it mei de teamspirit?
"Dy groeit allinnich mar mear. Wy hawwe meardere nije bemanningsleden en dat moat in goed nij team foarmje. Uteinlik wurket it fansels sa dat as it resultaat goed is, it mei de teamspirit ek wol goed komt. Dit wykein hawwe wy noch in trainingswykein, de lêste grutte proef."

Hokker plakje is neffens jim it moaist om te silen?
"Starum is prachtich, mar wy binne wol hiel allround wat dat oanbelanget. Net allinnich op it gruttere wetter, mar ek de lytsere wetters fine we moai om te silen. Uteinlik hat alles dochs te krijen mei in goede mindset."

Wat sille jim dit jier oars dwaan?
"Minder ekstreme karren meitsje. De risiko's wolle wy better tsjin inoar ôfwage en dat moat soargje foar in stabiler kampioenskip."

Hawwe jim noch saken oan it skip feroare?
"Nee net in soad. Wol hawwe wy in nije fok, dy't wy brûke mei de hurde wyn."

Wat meie wy net fan jim witte?
"Wy hawwe wol wat geheimen, mar dy hâld ik foar mysels."

Wat is it bêste iten om op te silen?
"De Koningshof fan It Hearrenfean fersoarget ús iten en dat dogge se bêst. Middeis foar it silen ite wy waarm. Echt in favoryt hat ik net, mar Hollânske pot docht it by ús altyd goed!"

Hokker skip sjogge jim as de grutste konkurrinsje?
"Wy sjogge ússels net as titelkandidaat. Ast it my fregest binne dat dochs Grou en Earnwâld. Mar ast sjochst nei ús nivo hawwe wy foaral konkurrinsje fan Snits, Drachten, Huzum en de Súdwesthoeke. Drachten tsjin Drachten bliuwt altyd in striid, hin."

Wêrom sille jim dit jier winne?
"Wy binne gjin titelkandidaat, je moatte wol realistysk bliuwe. Mar mei in hiel soad mazzel kinne wy it winne. Us doel is it linkerrychje."

It skûtsjesilen is fan sneon 27 july ôf alle dagen live te folgjen by Omrop Fryslân. Op radio te harkjen yn de deistige programma's fia 92.2 FM. Op telefyzje is fan dit jier ôf in spesjaal programma te sjen mei in folslein en streekrjocht ferslach fan de wedstriid mei live kommentaar fan start oant finish. Jûns om 18.20 oere sjogge we yn Skûtsjesilen 2019 werom op de wedstriid fan de dei. Mear ynformaasje is te finen op Omropfryslan.nl/skutsjesilen.

(advertinsje)
(advertinsje)