Juf Tjitske nimt nei 31 jier ôfskied fan har pjutten

08 jul 2019 - 07:41

Hiele generaasjes bern yn Aldegea Smellingerlân waarden grut mei pjuttejuf Tjitske Bruinsma. Nei 31 jier naam sy moandei ôfskied as pjuttejuf. As ferrassing stiene alle bern fan basisskoalle De Diamant moandeitemoarn op har te wachtsjen. Oer in reade loper waard juf Tjitske ûntfong en tasongen.

Bern en sels dêr al wer de bern fan: juf Tjitske hat hast elkenien yn Aldegea wol op har pjutteboartersplak hân. "Juf Tjitske is echt een begrip in Oudega", wit ek Margriet Reatsch, direkteur fan basisskoalle De Diamant. Sûnt in pear jier is it pjutteboartersplak ûnderbrocht yn it gebou fan de basisskoalle. En dus sjogge de bern dy't nei de kleuters gean, juf Tjitske noch alle dagen troch de skoalle rinnen.

Ferslachjouwer Bauke sjocht alfêst op it skoalplein

It ôfskied soarge foar de nedige emoasjes. "Ik hie wol wat ferwachte, mar dit net", lake juf Tjitske. Njonken it ôfskiedsliet hiene alle skoallebern ek kadootsjes foar har makke. En as ferrassing wie der muzyk op it skoalplein.

It wachtsjen is op juf Tjitske

It pjutteboartersplak krijt no in nije juf, dy't ek net folslein ûnbekend is yn it doarp. Mar de bern fan Aldegea sille juf Tjitske wol misse. "Se wie altyd sa leaf", wie it algemiene oardiel.

Juf Tjitske krijt in eigen ôfskiedsliet

(advertinsje)
(advertinsje)