Martin Sitalsing beëage nije korpssjef Midden-Nederlân

15 jul 2019 - 06:56

Martin Sitalsing wurdt nei alle gedachten de nije korpssjef fan de regio Midden-Nederlân. Dat meldt de NOS op harren webside. Sitalsing wie yn 2005 tydlik korpssjef fan de plysjeregio Fryslân, as opfolger fan Frans Bakker.

Foto: ANP Foto

Sitalsing (57) is berne yn Suriname en wurket sûnt 1985 by de plysje en hat al ferskate funksjes hân. Sa wie er ûnder oare distriktssjef yn Grins en Haren. Ek wie Sitalsing al earder korpssjef fan de regio Twente. Dêrmei wie er de earste allochtoane korpssjef yn Nederlân.

Op dit stuit is Sitalsing foarsitter fan de ried fan bestjoer fan de GGZ-ynstelling Lentis yn Grins en it forinsysk psychiatrysk sintrum Dr. S. van Mesdag, ek yn Grins.

(Advertinsje)
(Advertinsje)