Para-amazône Rixt van der Horst hat goede generale foar EK

14 jul 2019 - 21:58

Paradressuerrydster Rixt van der Horst fan Grou hat in goede generale repetysje efter de rêch foar it Europeesk kampioenskip, dat ein augustus yn Rotterdam holden wurdt. By in ynternasjonale wedstriid yn it Dútske Überhernn wûn se meardere wedstriden.

Foto: webside Rixt van der Horst

Yn har kategory wie se de sterkste op de teamtest, op de yndividuele test en de kür op muzyk. Benammen op de yndividuele test liet se de konkurrinsje fier efter har. Dêrnjonken behelle Van der Horst mei de Nederlânske ploech ek de earste priis yn de lannewedstriid.

De kommende dagen sil de bûnscoach de seleksje foar it EK bekend meitsje. Van der Horst is mearfâldich wrâldkampioen paradressuer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)