Daniël Iseger even werom op 'e haadklasse: "Ik mei gewoan graach keatse"

14 jul 2019 - 21:21

"Dit wie in hartstikke moai wykein", sei Marten Bergsma nei ôfrin fan de haadklassepartij yn Boalsert. Hy pakte dit wykein de dûbel, want ek op It Hearrenfean gong er mei syn maten Hans Wassenaar en Renze Pieter Hiemstra der mei de winst fan troch. Yn de finale wûnen se fan Enno Kingma, Alle Jan Anema en Daniël Iseger. "As we mei syn trijen ús nivo helje, dan kinne wy echt fan elkenien winne."

Marten Bergsma, Hans Wassenaar en Renze Pieter Hiemstra yn Boalsert - Foto: Henk Bootsma

Bergsma en dy hiene dit seizoen in drege start, mar ha no de smaak te pakken. "We rinne der hjoed trochhinne. We meitsje hast gjin flaters en pakke oan beide kanten punten", fertelt Bergsma. "It jout fertrouwen as je op 6-6 in pear kear in punt pakke."

De pyk komt op it goede momint; de PC komt hieltyd tichter by. "Mar dy dei is der noch net. We sille sjen wat der bart. We geane derfan út dat we dêr knalle. We witte no wat we kinne en dat is belangryk. Dat fertrouwen en it nivo moatte we fêsthâlde. Dan mei dy dei wol komme."

Twa blessearre maten

Yn de finale troffen se Daniël Iseger, Enno Kingma en Alle Jan Anema. Kingma hat sich oan it begjin fan de syklus mei Pieter Jan Plat en Sjoerd de Jong steld, mar dy beide mannen binne blessearre. Troch de punten fan ôfrûne partijen is Kingma dochs wis fan de PC. "Dêr ha ik him mei alle leafde hinne holpen", sei Iseger. "Ik hoopje dat Pieter Jan en Sjoerd gau wer fit binne. Dy jonges hearre op de PC thús." Hoewol't Iseger derfan út giet dat De Jong gewoan wer fit is mei de PC, slút er net út dat er der oars sels stiet. "Mar dan moatte se my earst freegje. Je witte it nea."

Yn de earste omloop wûnen Iseger en dy fan it partoer fan Gert-Anne van der Bos; it partoer dat Iseger nota bene sels traint. "Dat is foar my net in momint om te fieren, mar je steane yn it fjild om te winnen. Ik ha it no fan de oare kant sjoen en hjir kinne we wer mei fierder op de trainingen."

Wurdt Iseger op 'e nij straft?

Foarige wike snein foel Iseger ek by Kingma en Anema yn. Dat wie op de haadklassepartij yn Huzum. Iseger wie doe efkes fergetten dat er noch in wedstriid skorsing stean hie. Hy wie skorst, om't er neffens de KNKB foar Goutum yn stee fan Huzum heart te keatsen by de ôfdielingspartijen.

Omdat er foarige wike keatst hat, hinget him no op 'e nij in straf boppe de holle. "Ik hie der better om tinke moatten en it is myn eigen skuld. Ik hie ferkeard rekkene, omdat ik gjin rankingspiler mear bin en dan hie ik dy wedstriid dus noch net keatse mocht. Mei de goeie bedoelingen bin ik it fjild wer yn stapt. Ik mei gewoan graach keatse", sei Iseger dêroer.

(advertinsje)
(advertinsje)