Fûle reaksjes op net trochgean Garden of Dance: 'beslút komt te let'

14 jul 2019 - 21:01

Op de Facebookpagina fan Garden of Dance wurdt frij fûl reagearre op it net trochgean fan it dûnsfestival yn Snits. It festival soe oer goed trije wiken hâlden wurde op it Bristolterrein yn de binnenstêd, mar de gemeente hat besletten gjin fergunning te ferlienen. Der wiene te folle beswieren fan omwenners en dêrom stelde de gemeente betingsten oan de fergunning. Dêr koe de organisaasje net mei út de fuotten.

Op Facebook wurdt dêr lilk op reagearre. Neffens de fans fan it festival komt dit beslút fierstente let. Sa jouwe guon minsken oan dat se al frij naam hawwe foar it festival en dat no net mear weromdraaie kinne. Ek fine se it sneu foar de ûndernimmer dy't it festival opsetten hat. Dy ferliest no nei alle gedachten in soad jild, om't de tariedings al yn folle gong wiene.

'Te lang en te let'

Boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân jout oan mei te fielen mei de ûndernimmer, mar dat der neat oars op siet. "We hawwe in soad reaksjes krigen fan de omwenners fan it terrein en dy kamen mei goeie arguminten wêrom't it neffens harren net koe op de wize sa't de inisjatyfnimmers it graach woene. It grutste probleem wie neffens harren dat it evenemint njoggen dagen lang duorre en oant hiel let troch gie."

As it evenemint twa dagen koarter wurde soe en ek earder op de jûn ophâlde soe, dan koe it wat ús oanbelanget gewoan trochgean.

Boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân

Neffens De Vries hat der noch oant it lêste momint oerlis west mei de organisaasje achter Garden of Dance. "We hawwe tongersdei noch in kompromisútstel dien. As it evenemint twa dagen koarter wurde soe en ek earder op de jûn ophâlde soe, dan koe it wat ús oanbelanget gewoan trochgean. Mar de ûndernimmer dy't achter it evenemint sit, hat in dei letter oanjûn dat dat foar him net te dwaan wie. Dan foel it finansjeel net rûn te meitsjen."

It Bristolterein yn Snits - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Inisjatyfnimmer Jeroen Broeders fan Garden of Dance woe net regearje, mar op Facebook skriuwt er dat der neat oars op sit as je by it beslút fan de gemeente del te lizzen. Wol jout er oan dat de organisaasje oan alle betingsten fan de gemeente foldien hat en dat er der dus fan útgie dat der in fergunning komme soe. Dêrom hat de organisaasje ek oan de ein ta trochsetten mei de promoasje fan it festival.

Ek begryp foar beslút gemeente

Dochs is der op de Facebookpagina fan Garden of Dance ek begryp foar it beslút fan de gemeente. Sa hie neffens guon reaksjes de ûndernimmer better nei in lokaasje bûten de stêd sykje kinnen. Ek snappe se net wêrom't pas sa let om in alternatyf plak socht is, no't de fêste lokaasje net beskikber is.

Oare jierren waard it festival hâlden yn de tún fan it stedhûs, mar dat giet dit jier op de skop. Dat is lykwols al folle langer bekend, dus neffens guon minsken op de Facebookpagina hat ek de ûndernimmer flaters makke.

De Stedstún yn Snits wurdt opknapt - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
(Advertinsje)
(Advertinsje)