Graffityevenemint Writer's Block wurdt in jierliks barren

15 jul 2019 - 15:10

It is de bedoeling dat der elts jier in gebou yn Ljouwert of op in oar plak yn Fryslân, Grinslân of Drinte ûnder hannen nommen wurdt troch graffitykeunstners. Dat seit Serge Hollander, ien fan de organisatoaren fan it festival Writer's Block. Dit wykein hat parkeargaraazje De Klanderij yn Ljouwert in nij uterlik krigen mei help fan mear as 30 graffitykeunstners oer de hiele wrâld wei.

It hiele wykein koenen minsken de keunstners oan it wurk sjen en it resultaat oant safier bewûnderje troch mei te gean op in spesjale toer. In pear hûndert minsken hawwe dat dien. Ek omwenners hawwe, sa lit Hollander witte, meidien oan sa'n toer.

Guon omwenners wiene yn it foar kritysk om't se net wisten wat der krekt op de muorren fan de garaazje komme soe. "In het begin was men soms nog wat kritisch, maar toen we klaar waren vond men het toch wel heel mooi. We hebben uit de buurt veel positieve reacties gekregen. Misschien moeten sommige bewoners nog wennen of zullen nooit wennen."

De parkeargaraazje is tiisdei wer iepen foar minsken dy't harren auto parkearje wolle.

Ferslachjouwer Wendy Kennedy seach by de parkeargaraazje

(Advertinsje)
(Advertinsje)