Provinsje tsjin Ryk: behannelje Fryske skea oan hûzen troch gaswinning itselde as yn Grinslân

14 jul 2019 - 19:16

Friezen moatte by skea oan huzen troch de gaswinning krekt sa behannele wurde as de Grinslanners. Dus at der skea oan in hûs is, komt dat troch de gaswinning en moat gaswinningsbedriuw NAM (Nederlandse Aardolie Maatschappij) oantoane dat dat net sa is. Dat fynt deputearre Douwe Hoogland.

Foto: Omrop Fryslân, Geertrui Visser

It Ryk hat it oars yn gedachten yn it skeaprotokol foar mynbouaktiviteiten: wêr't by Grinslanners de skea oan harren hûs wol daliks mei gaswinning yn ferbân brocht wurdt - de saneamde omkearde bewiislêst - dêr moatte minsken yn oare provinsjes sels oantoane dat de skea troch gaswinning komt.

Deputearre Hoogland wol mei it Ryk om tafel om foar elkenien deselde regels jilde te litten. Hoogland wol net dat it fertrouwen fan minsken yn it gebiet fan de lytse gasfjilden skeind wurdt.

Trije jier lyn hat de provinsje mei Wetterskip Fryslân en de Fryske gemeenten in manifest oer gas- en sâltwinning oanbean yn Den Haag. Belangrike punten yn dat manifest wiene nulmjittings, de omkearde bewiislêst (dus dat skea oan huzen troch de gaswinning komt) en genôch kompensaasje foar de omjouwing.

Deputearre Douwe Hoogland

(advertinsje)
(advertinsje)